Wetterskip jout miljeuboetes

28 okt 2003 - 00:00

Wetterskip Fryslân en de plysje hawwe tolve boetes útskreaun foar bedriuwen dy't har net holden oan de miljeuregels. De oertredings binne út in fleantúch wei fêststeld. It gie ûnder oaren om it ferbrânen fan rommel, it yllegaal stoarten fan pún en oar materiaal en it rinne litten fan oalje.

It wetterskip is fan doel faker ynspeksjes út de loft wei te dwaan. As de piloat wat sjocht, krije plysjes opdracht in boete út te skriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)