Hurdrinnend de ierde om
Fryslân hat op it stuit besite fan in bysûndere hurdrinster: Rosie Swale, 57 jier en dwaande om de hiele wrâld oer te draven, sa'n 32.000 kilometer. Swale rint foar goede doelen.
Moandei is Swale yn Ljouwert, dêr't se yn de Hotelskoalle in lêzing hâldt en út har boeken foarlêst. Swale rûn earder al yn de Sahara, op Iislân en yn Kosovo. Ek is se de earste frou dy't solo de Atlantyske oseaan oersyld hat.