Trelit by azc gjin ynsidint

27 okt 2003 - 00:00

De reboelje dit wykein by it azc yn Dokkum stiet net op himsels. Neffens it COA hat in groep jongerein út de omkriten fan Dokkum it al in skoft fersjoen op de bewenners fan it azc.

Dit wykein smieten jongeren mei stienen en kluten nei bewenners. Ek spuiten se heakekruzen en davidstjerren op in fytspaad. Alle fertochten binne wer frij. Rjochts-ekstremisten soene oproppen ha om it azc nochris te besykjen en te soargjen foar ûnrêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)