Opmerklike fynst yn 'e Wâlden
Yn Eastermar is in ier-midsiuwske mantelspjelde fûn. Dat meldt de ynternetside fan 'e metaaldetektorferiening De Fryske Wâlden. Yn 'e Wâlden komme fibula's ornaris net safolle foar. Nei alle gedachten is dit eksimplaar mei terpierde yn 'e streek bedarre.
De fynst waard dien op sykdei yn Eastermar fan 'e detektorclub. 23 Speurders kamen dêr yn aksje. Sjoch ek op www.fryskewalden.nl.