Ljouwert draacht wenten oer

27 okt 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert wol oan 'e buorgemeente hast 900 wenten út it boukontingint oerdrage. Ljouwert rêdt it al jierren net op om genôch wenten te bouwen. Yn it boukontingint hat de provinsje fêstlein hoefolle nije wenten in gemeente bouwe mei.

Ljouwert stelt lykwols wol easken oan 'e oerdracht. It mei inkeld gean om senioarewenten en goedkeapere hierwenten. De buorgemeenten binne net botte optein oer de tawizing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)