Hearrenfean ferliest fan NEC

© Omrop Fryslân
NEC makke sneontejûn in ein oan in searje thúswinsten foar SC Hearrenfean. De Nijmegenaren spilen sa goed dat de ploech fan Foppe de Haan der suver neat fan bakte. Inkeld yn 'e earste faze fan 'e wedstriid wie it spul aardich.
De Nooijer en Hersi skoarden earst foar NEC. Samaras koe it mei in tsjingoal noch in bytsje goedmeitsje. Trainer Foppe de Haan wyt it 1-2 ferlies oan it útfallen fan spits Sibon, dy't blessearre is.