Arjen Stroetinga docht it goed

© Omrop Fryslân
Arjen Stroetinga is sneon tredde wurden yn 'e KNSB-maraton fan Utrecht. Cédric Michaud, Bert-Jan van der Veen en winner fan ferline wike Roel van Hest foelen. KC Boutiètte wûn, foar Jan Maarten Heideman en Stroetinga. Jeroen de Vries einige as fyfde. Stroetinga liedt it jongerenklassemint.
By de froulju wûn Danielle Bekkering de pelotonssprint. Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean einige as twadde. Se liet de susters Smit achter har.