Nij sintrum De Gordyk is klear

26 okt 2003 - 00:00

Undernimmers op 'e Gordyk moatte ek ris kritysk nei de eigen gevel sjen, no't it sintrum sa kreas opknapt is. Dat sei foarsitter De Jong fan 'e pleatslike ûndernimmersferiening. Hy kin noch net sizze oft it nije sintrum al mear omset opsmiten hat.

Dit wykein wie de offisjele ôfsluter fan 'e renovaasje. Dêrby waard in byld fan keunstner Lolke van der Bij ûntbleate. It skûtsje symbolisearret de bân fan it doarp mei de skipfeart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)