'Wentebou Wergea moat los'

© Omrop Fryslân
Boarnsterhim wol net mear mei de wentebou by Wergea wachtsje op de oanlis fan de steande-mêst-route. Yn it Ljouwerter stêdsgewest hat de gemeente hûndert wenten tasein krigen. Mei de opbringst dêrút moat in grut part fan de bydrage oan de steande-mêst-route betelle wurde.
It doarp wachtet no al sân jier op nijbou. Boarnsterhim wol no fia in ferkoarte proseduere sa gau mooglik mei de bou út ein sette.