Jubileum Blijf-huzen

© Omrop Fryslân
Emansipaasje fan bûtenlânske froulju is in saak fan oerheid en helpferliening. Dat sei VVD-Keamerlid Hirsi Ali freed op in sympoasium yn Ljouwert by it 25-jierrich bestean fan 'e Stifting Vrouwenopvang Fryslân. Dy is benammen bekend fan 'e Blijf-opfanghuzen.
By de emansipaasje fan moslimfroulju draacht it Ryk dúdlik ferantwurdlikens. Ut 'e seal wei wie der krityk dat Hirsi Ali it moslimleauwe net serieus genôch naam.