Frije drugsferstrekking mei net

© Omrop Fryslân
Drugsbrûkers en helpferlieners binne teloarsteld no't it regear gjin kontrolearre drugsferstrekking yn Ljouwert tastiet. De gemeente hie dêrom frege, mar it ministearje fan Justyje wol it net lije.
Drugsbrûkers en dealers soargje foar oerlêst by de Mercuriusfontein. Freed hâlde de plysje dêr wer in 'faai-aksje' wêrby't minsken oppakt waarden. De ferslaafden wolle ek graach in gebrûkersromte hawwe.