Flossjûn oer keunst yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert waard in 'mental floss'-jûn oer keunst holden. Keunstners en elkenien dy't mar woe krige 10 minuten om har wurk te presintearjen. It publyk mocht opmerkings meitsje.
Saken dy't foarby kamen wiene ûnder oaren 1200 fazen, in film oer in saai stik dyk, in skruten man dy't tinkt dat er út Sweden komt en nije spultsjes as it grut rassistysk famyljeboerdspul. It hiele jier binne der sokke jûnen yn Ljouwert en Grins.