Spanningen VVD-Menameradiel

© Omrop Fryslân
Sekretaris Osinga fan VVD-Menameradiel is ferline wike opstapt nei oanlieding fan de eardere reboelje tusken de opposysje en de kolleezjepartijen yn de rie. Dêrby binne ek binnen de VVD de spanningen heech oprûn. Besocht wurdt de ferhâldings wer normaal te krijen.
Bestjoer en fraksje kinne noch wol troch ien doar. As de problemen lykwols net oplost wurde, stappe mooglik noch mear minsken op, neffens wurdfierder Zondervan.