Brada wurdt Friesland Vlees

© Omrop Fryslân
Slachterij Brada yn Ljouwert giet wer iepen. It bedriuw is oernaam troch slachterij Wildeboer yn it Drintse Hollandscheveld. Neffens Wildeboer leit it Ljouwerter bedriuw geunstich, yn in heech ûntwikkele feefokkerijgebiet en op rinôfstân fan de Ljouwerter feemerk.
Dat soe folop kânsen biede moatte foar syn krekt oprjochte bedriuw Friesland Vlees. Brada waard fan 't simmer fallyt ferklearre. Hoefolle minsken aanst wer oan 'e slach kinne, is noch ûnwis.