Fal-les foar amazones op CIOS

© Omrop Fryslân
Amazones en ruters kinne mei simpele turn- en judo-oefeningen yn koarte tiid leare hoe't se it bêste fan't hynder falle kinne. Dat docht bliken út ûndersyk fan 'e agraryske hegeskoalle yn Dronten en it CIOS op it Hearrenfean. De resultaten fan it ûndersyk waarden freed presintearre.
Turnkoach Tjalling van der Berg hat de amazones út de polder leard hoe't se falle moatte. Der is no ek in kursusboek fan makke.