Oprop meidwaan yn polityk

24 okt 2003 - 00:00

De gemeente Opsterlân ropt froulju, migranten en jongeren op om mei te dwaan yn te polityk. Mei in grutte advertinsje yn streekkrante De Woudklank, wurde krekt dizze groepen benadere.

Op it stuit binne dy minsken net genôch fertsjintwurdige. As se belangstelling ha, kinne se de kursus 'De politieke opstap' folgje fia de gemeente. Sa kinne se bygelyks yn de gemeenteried terjochte komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)