Keatspartijen moatte koarter

© Omrop Fryslân
Keatsbûn KNKB hat maatregels ôfkundige sadat de haadklassepartijen earder dien binne. Om tolve oere middeis moat de keatserij begjinne en om healwei seizen moat it dien wêze.
Nij is ûnder oare dat de warming-up bûten it fjild dien wurde moat. Fierders moat it ynslaan koarter en meie de keatsers net mear nei alle slaggen wat drinke. Der binne ek nije ôfspraken makke oer it bylotsjen en it saneamde 'stelmomint'.