Satellyt kontrolearret boeren

© Omrop Fryslân
Boeren wurde mooglik oer net al te lange tiid fia in satellyt yn de gaten hâlden troch it lânbouministearje. Sa kin sjoen wurde oft se de greiden fûgelfreonlik ûnderhâlde, want dy boeren krije subsydzje foar natuerbehear. It ministearje kin op dy wize kontroleurs útsparje.
It ministearje siket út oft it wol helber is en oft it mei fan Brussel. De EU hat in soad ynspraak yn it lânboubelied fan alle lidsteaten.