Opposysje: debat oer sweeftrein

24 okt 2003 - 00:00

De opposysjepartijen yn Provinsjale Steaten freegje in debat oan oer de sweeftrein. Oanlieding is it berjocht dat 'Europa' net betelje wol foar de Suderseespoarline. Dêrtroch ûnstiet in finansjeel gat fan 200 oant 450 miljoen euro.

Ein 2001 wie it regear noch posityf oer in bydrage út Brussel, mar koartlyn is it projekt bûten de boat fallen. Dêrmei is dúdlik dat de sweeftrein der nea komme sil, fine de partijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)