Boargemasterspost net populêr

© Omrop Fryslân
Foar de post fan boargemaster fan Ljouwert is net folle belangstelling. Trettjin gadingmakkers hawwe harren oanmeld foar de funksje. Ljouwert moat in nije boargemaster hawwe, om't Margreeth Boer meikoarten fuortgiet.
De kommende wiken makket kommissaris Nijpels in seleksje. Dy wurdt foarlein oan de fertrouwenskommisje. De kommisje is net benaud om de fakatuere opnij iepen te stellen as der no gjin geskikte kandidaat fûn wurdt.