Radiomuseum op 'e Harkema

24 okt 2003 - 00:00

De Harkema krijt takom simmer in radiomuseum. It giet om in plan fan doarpsbewenner Meerstra. Hy socht plak foar syn radio's, platespilers en spyldoazen. Oant no ta stiene de 500 eksimplaren yn syn elektroanikasaak yn Surhústerfean, mar dêr is er mei ophâlden.

De kolleksje ûnderbringe yn in loads mocht net fan 'e gemeente. No set Meerstra yn op nijbou, njonken syn wente oan de Betonwei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)