Mercuriusfontein wer 'skjinfage'

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei mei tritich man sterk de Mercuriusfontein yn Ljouwert 'skjinfage'. Al sûnt langere tiid soargje drugsbrûkers en dealers foar oerlêst. Njoggen gebrûkers en fjouwer dealers binne oanhâlden. Trije dealers komme út Ljouwert en in fjirde komt út Hellevoetsluis. Dit wie net de earste 'faai-aksje' fan 'e plysje. Winkellju wolle graach kameratafersjoch by de Mercuriusfontein.