'Eigners moatte op huzen lette'

23 okt 2003 - 00:00

Húseigners moatte sels better op har lege gebouwen passe. Dat seit boargemaster De Boer fan Ljouwert. It lêste healjier binne der yn Ljouwert acht kraakpannen bykommen. Dêrmei komt it totaal op alve.

Dat makket Ljouwert ien fan de meast bekreake stêden fan it lân. It hege tal kraakpannen hat te krijen mei de hege studintepopulaasje fan Ljouwert dy't wenrûmte siket, wylst der te min keamers binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)