Helping Hands bêste ûndernimming

23 okt 2003 - 00:00

Ingrid Hager en Rina Ruiter fan it Jouster bedriuw Helping Hands waarden woansdei yn Assen útroppen ta winners fan de jonge ûndernimmerspriis 2003. Helping Hands spilet mei súkses yn op it grutte ferlet nei thússoarch op maat. Helping Hands bestiet noch mar trije jier en hat no al 70 meiwurkers. Yn 2003 sil it bedriuw fierder groeie. De publykspriis gie nei Ruben Hut en Jos Hilbrands fan it Drachtster bedriuw Woodpacker, dat yn pallets hannelt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)