Te min hierhuzen Smellingerlân

23 okt 2003 - 00:00

De situaasje fan de sosjale wenningbou yn Drachten is soarchlik, fine alle fraksjes yn de rie fan Smellingerlân. Dat die woansdei bliken yn de gearkomste fan de kommisje Rûmtlike Oardering fan de gemeente.

Foaral it CDA trúnde oan op aksje by har eigen wethâlder Veenstra om de bou fan sosjale wenningen rap op te pakken. Veenstra ferwachtet de kommende twa jier rûmte te hawwen foar likernôch 1400 hûzen, hier likegoed as keap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)