Denneboom nei Willem II

© Omrop Fryslân
Spits Romano Denneboom giet per direkt nei Willem II. Denneboom giet op hierbasis nei Tilbuch en moat dy klup oan mear doelpunten helpe. Denneboom stiet noch oant 2006 ûnder kontrakt by SC Hearrenfean. De oanfaller wie op in sydspoar rekke.
Hearrenfean befestiget de oergong fan 'e spits. De ferwachting is dat Denneboom dit wykein al by Willem II yn 'e basis stiet. De Brabanners spylje snein út tsjin Feyenoord.