Lida Dykstra op Gouden Muis

© Omrop Fryslân
Lida Dykstra is yn novimber skriuwer fan de moanne by De Gouden Muis. Op de ynternetside kinne bern dan trije middeis chatte mei de skriuwster. De hiele moanne kinne se e-mails stjoere dy't de skriuwster fan berneboeken beantwurdet.
Alle moannen set De Gouden Muis in oare skriuwer op de webside mei ynformaasje oer de skriuwer en syn wurk. De Gouden Muis is in inisjatyf fan Stichting Lezen en it bedriuwslibben.