Poiesz wol wurkers yn 'e winkels

© Omrop Fryslân
Supermerk-keten Poiesz út Snits sil by besunigings as gefolch fan 'e prizeslach tusken de supermerken gjin wurkers út 'e winkels helje. Direkteur Smit fan Poiesz wol him net meislepe litte yn 'e priisoarloch en it konsept fan 'e 40 Poiesz-winkels oerein hâlde. By dat konsept heart foldwaande personiel en in goeie service.
Smit wol skerp op 'e prizen lette, mar komt net mei paginagrutte advertinsjes as reaksje op de konkurrinsje.