Fytsbrêge oer de A7 by Drachten

21 okt 2003 - 00:00

De gemeenten Smellingerlân en Opsterlân wolle foar 2,4 miljoen euro in fytsbrêge oanlizze oer autodyk A7. De fytsbrêge komt by it Adverium en moat de bedriuweterreinen fan Smellingerlân en Opsterlân oan wjerskanten fan 'e A7 mei elkoar ferbine.

De provinsje en de bedriuweterreinen sille meibetelje oan de brêge. It is de bedoeling om fan de fytsbrêge in fisitekaartsje foar Drachten te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)