Rikst Valentijn hâldt op

© Omrop Fryslân
Rikst Valentijn út Rottum hâldt op mei turnjen. De 18-jierrige turnster hat al sa'n twa jier lêst fan ferskate blesueres. Op it stuit hat se lêst fan har rêch en dat giet mar net oer.
Twa jier lyn waard Rikst Valentijn noch fiifde mei de Nederlânske frouljusploech op it WK yn Gent. Nei al dat blessuereleed slagget it har net om op dat nivo werom te kommen. Dêrom hat se besluten mei it turnjen op te hâlden. Se makket har skoalle no ôf.