Ferbjustere oer tal fluchten

© Omrop Fryslân
De kommisje lûdshinder is ferbjustere oer it dûbele tal nachtfluchten by de Ljouwerter fleanbasis. Troch jildkrapte kin net mear yn it bûtenlân flein wurde. De kommisje is altyd sein dat útwreiding pas yn 'e folgjende jierren wêze soe.
Ek omlizzende doarpen wisten fan neat. Yn oerlis mei de fleanbasis is in ferdûbeling noait op tafel kaam. Op 10 novimber ha de doarpen oerlis mei de fleanbasis oer de oerlêst.