Werf yn swier waar better fallyt

© Omrop Fryslân
Skipswerven yn swier waar kinne pas sûn wurde as se fallyt geane. Dat seit kurator Brink fan skipswerf De Tille. Dy waard yn augustus fallyt ferklearre. Hy praat al twa moannen oer oername.
In fallite werf kin neffens Brink mei minder minsken wer rendabel wurkje. Wurknimmerslêsten binne faak de grutste kostepost. As der minder oarders komme, soenen minsken eins dien krije moatte. Dat slagget net om't wurknimmers en fakbûnen har der tsjin fersette.