Bus 42 lit Lemsterfeart lizze

© Omrop Fryslân
Busline 42 stoppet takom jier net mear yn de wyk Lemsterfeart op De Lemmer. Dat seit Arriva. De ferfierder komt troch it rûntsje troch de wyk tiid te koart; de bus komt twa minuten te let yn Emmeloord en dan kinne minsken net mear oerstappe op de folgjende bus.
Buertkomitee en de gemeente ha de striid foar it behâld fan de 2 haltes ferlern. De 1750 hantekens dy't oanbean binne oan in deputearre fan Flevolân om de bus te behâlden, ha neat opsmiten.