Kuorbalteam Taiwan nei Drachten

21 okt 2003 - 00:00

Op moandei 27 oktober sil it nasjonale kuorbalteam fan Taiwan yn Drachten in oefenwedstriid spylje tsjin it earste team fan Drachten. De Taiwanesen wolle tsjin Drachten spylje as tarieding op it wrâldkampioenskip kuorbal, dat fan 1 oant en mei 9 novimber plakfynt yn Rotterdam.

Fan de Taiwanezen wurdt in soad ferwachte op it WK. Se jilde nei Nederlân en België as it op twa nei sterkste kuorballân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)