Mear nachtfleanen yn Ljouwert

21 okt 2003 - 00:00

Op fleanbasis Ljouwert is it nachtfleanen wer begûn en dat betsjut lûdsoerlêst. Oant 2004 ta wurdt der alle moandei- en tiisdeitejûns flein oant alve oere jûns. Fanwege de besunigings wurdt dit jier mear as ferline jier jûns flein. Oars soe der mear yn it bûtenlân flein wurde moatte en dat is djoerder.

Der wurdt jûns boppe de Noardsee oefene mei Night Vision Gogles, in soarte fan kiker dy't fan 'e nacht in dei makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)