Krityk op wethâlder Beerda

21 okt 2003 - 00:00

De polityk fan Smellingerlân wie moandei kritysk oer de oername fan 'e berneopfang yn dy gemeente troch bernehotel The Nanny. De gemeenteried hie earder ynformearre wurde moatten oer de finansjele swierrichheden by de stichting berne-opfang, dy't trije ton skuld by de gemeente hie.

Wethâlder Beerda woe in oplossing sûnder fallisemint, om oername mooglik te meitsjen. Boppedat koene sa de measte minsken harren wurk hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)