Prize-oarloch yn supermerken

20 okt 2003 - 00:00

Bûter, brea, molke en tsiis. Fan moandei ôf binne in soad produkten goedkeaper. Alteast, by de supermerken, dêr't in prize-oarloch losbarsten is. Dy is yn gong setten troch Albert Heijn, dy't klanten weromwinne wol. Yn harren winkels binne ûngefear 1000 artikels goedkeaper wurden.

De reaksje fan oare supermerken ferskilt. De Super de Boer en de C1000 folgje it foarbyld. By de Fryske keten Poiesz sjogge se it noch even oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)