Gjin ynteresse foar technyk

© Omrop Fryslân
Net ien Fryske basisskoalle docht mei oan in programma om mear omtinken te jaan oan technyk op skoalle. It giet om in projekt fan technyske bedriuwen en it ministearje fan ûnderwiis.
Lanlik dogge der sa'n 250 basisskoallen oan it projekt mei. Ek yn de rest fan it noarden falt de belangstelling bot ôf. Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW yn it noarden makket him dêr soargen oer. Der is yn Nederlân in grut ferlet fan technysk personeel.