Kreakaksje Ljouwert wer dien

© Omrop Fryslân
De resintste kreakaksje yn Ljouwert hat net lang duorre. Dit wykein wie in pân oan de Bagijnestrjitte kreake, mar moandeitemoasrn waarden kreakers al wer op strjitte setten.
It wie al it achtste gebou dat yn it ôfrûne heal jier yn Ljouwert kreake waard. Benammen in soad jongerein út Fryske doarpen binne oan it kreakjen slein. Sy kreakje om't der in tekoart is oan goedkeape wenromte yn Ljouwert.