Man omkaam nei ûngelok by spoar

20 okt 2003 - 00:00

In man fan 21 út Koatstertille is moandei omkommen by in ûngelok by it spoar, by Abbegea. Hy wie in spoaroergong oan it fluorjen, doe't er oanriden waard troch in trein.

De man is op it plak sels oan syn ferwûnings opereard en letter mei de helikopter nei it sikehûs brocht. Dêr is er ferstoarn. In kollega fan de man hat sein dat se net wisten dat it treinferkear wer begûn wie. Dat lei fanwege wurksumheden tydlik stil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)