Aksje tsjin besuniging op Frysk

© Omrop Fryslân
Jongereinorganisaasje FYK en de Ried fan 'e Fryske Beweging komme yn aksje tsjin de besunigings op it Fryske taalbelied. De provinsje wol it budzjet Fryske taal en kultuer ferleegje mei 177.000 euro. Dit betsjut dat organisaasjes as de Ried, Skriuwersbûn en FYK mei folle minder jild ta moatte.
FYK en Ried roppe yn in brief de achterban op om woansdei manmachtich te protestearjen by de kommisjegearkomste oer de besunigings op it provinsjehûs.