Bunicich net nei ûndersyk

20 okt 2003 - 00:00

Ald-direkteur Bunicich fan it NNBT giet tiisdei net nei Assen om heard te wurden troch in ûndersykskommisje dy't de provinsje Drinte ynsteld hat. Ald-ponghâlder Keestra fan it Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme en de Drintse deputearre Dijks wurde heard.

De kommisje wol witte watfoar rol se hienen by de finansjele problemen fan it buro. Bunicich hat wegere har yn it iepenbier te ferantwurdzjen foar it fallissemint fan it NNBT.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)