Kabel oer de dyk spand

19 okt 2003 - 00:00

De auto fan in 44-jierrige man út Akkrum is sneontenacht oan de Albedawei yn Poppenwier slim skânsearre troch in kabel fan in ferkearsteller. Unbekenden hiene de kabel fan it apparaat losmakke en oer de dyk spand. Troch de oanriding bruts de kabel en rekke de teller folslein fernield.

De kabel hie foar motorriders en bromfytsers tige gefaarlik wêze kinnen. De plysje is dan ek op syk nei tsjûgen. Tips binne wolkom op 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)