Nije drompel by Minnertsgea

© Omrop Fryslân
Der komt dochs in ferkearsdrompel yn 'e bocht fan 'e Hovensterwei en de Langedyk boppe Minnertsgea. Dat ha b. en w. fan it Bilt besletten. Guon riedsleden ha har twifels oer it effekt fan in ferkearsdrompel op dat plak, omdat der net in soad ferkear komt. Der is wol in oerstekplak foar fytsers.
Saakkundigen fan 'e provinsje tinke dat in drompel wol sinfol is foar de ferkearsfeiligens. B. en w. wolle dêrom de oanlis fan 'e drompel trochsette.