Van Hest wint earste maraton

© Omrop Fryslân
Roel van Hest fan Apeldoarn wûn sneon yn Amsterdam de earste KNSB-maraton. Van Hest wûn nei 100 rûntsjes de massasprint fan Jan Maarten Heideman en Cedric Michaud. Stroetinga fan Easterwâlde waard sechde, Borst fan Sint Nyk sande. Jeroen de Vries - ek út Sint Nyk - waard tsiende.
Fan 'e 87 A-riders yn it peleton ha 15 noch gjin sponsor foar dit seizoen. Dat jildt ek foar Bertjan van der Veen fan 'e Jouwer.