Hearrenfean ferliest by PSV

19 okt 2003 - 00:00

PSV wie net yn foarm, mar wûn sneontejûn dochs mei 2-0 fan Hearrenfean. Arjen Robben iepene de skoare flak foar rêst mei in fraaie solo-aksje. Mateja Kezman makke der nei de rêst 2-0 fan op in foarset fan Robben. Kezman woe mei de goal de supporters betankje foar alle stipe dy't hy de ôfrûne wike krige, neidat er mei ûntfiering bedrige waard.

By SC Hearrenfean misten Correia, Sibon en Knopper ferskate moaie kânsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)