Ferfangen rút Achmeatoer slagge

© Omrop Fryslân
It ferfangen fan it stikkene rút op 114 meter hichte yn 'e Ljouwerter Achmeatoer is sneintemoarn lang om let slagge. Sneon waard de operaasje noch ôfblaasd, omdat it te hurd waarde. It rút fan it panoramadek fan 'e toer wie yn augustus knapt, nei alle gedachten troch in gemyske reaksje.
By it ferfangen waard in kraan ynset dy't like heech is as de toer sels. De strjitte foar de toer waard ôfsletten foar alle ferkear.