Ek yn Fryslân te min húsdokters

17 okt 2003 - 00:00

Oer in jier as fiif sil ek Fryslân in grut ferlet ha fan húsdokters. As der neat feroaret is der dan by ien op de trije húsdoktersposten in fakatuere.

Studinten fiele neat mear foar it berop húsdokter. Yn grutte stêden is no al in grut tekoart en dat sil ek op it plattelân net lang mear duorje. Der ha al problemen west yn Ljouwert, Ternaard en Damwâld. Soarchfersekerder De Friesland besiket yntusken it berop húsdokter oantrekliker te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)