Drachten even 'twillingstêd'
Yn Drachten is freed foar de 32e kear de mearlingebeurs hâlden. Yn sporthal De Splitting koene minsken in grut ferskaat oan (twaddehâns) twillingguod keapje. De beurs is útgroeid ta de grutste fan it lân op dit gebiet.
Drachten hie dus in soad twillings te gast. De beurs koe sa'n 500 besikers begroetsje, mear as oars. Troch de minne ekonomyske tiden keapje minsken earder brûkt guod.