Fabryk kreake foar skatebaan
Skaters ha de âld-tekstylfabryk fan Kwint op it Ljouwerter yndustryterrein Skinkeskâns kreake. De kreakers ha yn de lege fabryk in yndoor-skatebaan boud. Om't se by de gemeente neat dien krigen, ha se sels in plakje socht.
De eigner fan it gebou is net bliid mei de aksje. Hy hat gas en elektra ôfsletten en de skaters in koart pleit oandien. Dy wolle oer twa wike massaal nei it koart pleit ta en binne in aksje starten.